Beluister deze pagina met proReader

Ferkiezingsprogramma

"Gewoan dwaan!"

 

 

 

 

    D66 SUDWEST FRYSLAN

 

  

Ynlieding

D66 komt de minsk en de maatskippij posityf temjitte. Wy geane der fan út dat de minsken in protte swierrichheden dy’t hja tsjin komme, sels oplosse kinne. Mar wy helpje as dat net slagget. We hawwe respekt foar ús neiste en litte dat ek sjen. Duorsumes fanwege de soarch foar de takomstige generaasjes, dêr steane wy foar. Wy binne net benaud om fierder te sjen dan ús eigen gemeente.

Wy geane in lastige kar net út ‘e wei. Dat sil nedich wêze, want de tiden binne yn in soad opsichten dreech. Dan is de ferlieding grut om it heil te sykjen yn de wenstige patroanen fan sabeare feilichheden en sabeare oplossings. Yn dit ferkiezingsprogramma sille wy stil stean by wat neffens ús de swierrichheden yn de nije gemeente binne en hokker útdagings en oplossings der neffens  ús binne.

De wrâld stiet de kommende trije net stil. Ek nei de ferkiezings komme der perfoarst wol ûnderwerpen op de riedsaginda dy’t wy no noch net te kenne. Wy sille derop reagearje fanút ús fysje op minsk en mienskip.

Hoe’t dy fysje is, docht bliken út in fiiftal “paadwizers” dêr’t elke D66’er him yn werkent, rjochtings dy’t de wize dêr’t D66’ers yn it libben en yn de polityk steane, koart gearfetsje.

Elk op himsels is wier net unyk foar it D66-tinken, mar krekt de kombinaasje fan dizze fiff tinkrjochtings definiearret  de minsk- en maatskippijfysje fan D66.

Op grûn fan dizze fiif “paadwizers” kinne de ynwenners fan de nije gemeente “betinke” hoe’t wy ta ús stânpunten komme; dizze liede wy ôf fan ien of mear fan ús paadwizers.

 


 Sosjaal-liberale paadwizers

1.      Ha betrouwen yn de eigen krêft fan minsken

Wy ha betrouwen yn de eigen krêft en ûntjouwing fan minsken. Minsken binne sa kreatyf dat hja hieltyd wer sels oplossings fine. Wy wolle dat de oerheid dizze krêft, finingrikens en kreativiteit fan minsken stipet en romte jout. De kaai foar feroarings leit by de minsken sels en dêr moat de oerheid him by oanslute. Wat minsken foar harren sels en oaren dwaan kinne, is folle wichtiger en hat mear resultaat as wat de oerheid dwaan kin.

2.      Tink en doch ynternasjonaal

Mienskippen binne op hieltyd mear ferskate wizen mei inoar ferbûn. Wy steane iepen foar de hiele wrâld en slute nimmen út. By alles wat wy dogge, freegje wy ús hieltyd ôf, hokker gefolgen soks hat op oaren yn dizze wrâld. Wy binne fan betinken dat Europa hieltyd mear ús binnenlân wurdt. Dêrom binne ek ynternasjonale gearwurking en ekonomyske foarútgong de kaaien nei in wrâld mei minder kriich en konflikten. Derby hannelje wy hieltyd pragmatysk, sûnder wiidweidich gedoch en op grûn fan feiten.

3.      Prestaasjes beleane en de wolfeart diele

Minsken binne net itselde, mar wol lykweardich oan mekoar. Minsken ferskille fan mekoar en wy wolle dat de oerheid romte lit foar dy ferskillen. Wy stribje nei ekonomyske selsstannigens foar safolle mooglik minsken en fine dat minsken dy’t mear as goed prestearje derfoar in beleanning fertsjinje. Wy wolle dynamyske, iepen mienskip dêr’t elkenien de romte yn krijt om syn eigen beslissings te nimmen en elkenien him of har op eigen wize ûntjouwe kin. Wy finen it normaal om wolfeart mei mekoar te dielen. Wy wolle dat safolle mooglik minsken meidogge yn it maatskiplik en ekonomysk proses, want dêr wurdt elkenien better fan. Foar minsken dy’t harren sels net rêde kinne, drage wy mei-inoar de ferantwurdlikens.

4.      Stribje nei in duorsume en harmonieuze mienskip

Wy wolle de wrâld om ús hinne temjitte komme mei respekt en begryp. Dat jildt foar de minsken om ús hinne en foar ús omkriten. De wrâld is net fan ús en dus gjin gebrûksartikel. Dus hâldt op mei it “opiten” en fersmoargjen fan ús libbensromte. Yn de diskusje oer natuer en miljeu moat net it behâlden, mar it skeinen fan natuer en miljeu beärgumintearre wurde.

5.      Koesterje de grûnrjochten en dielde wearden

De grûnwearden fan ús maatskippij binne  frijheid foar en lykweardigens fan elk minske, en dan makket it net út om hokker opfettings, liuwen, seksuele aard, ynstelling of komôf it giet. Lichamelike yntegriteit, geweldleaze oplossing fan belangekonflikten en in respektfol hantearre frijheid fan mieningsfoarming en utering, tegearre mei respekt foar ús demokratyske rjochtssteat, binne foar ús sintrale wearden. Dy wearden jilde oeral en steane sûnder mis boppe alles. Wy hoedzje de grûnrjochten fan ússels en fan oaren.


  Boarger en oerheid

De folsleine boarger

In nije fúzjegemeente. D66 kiest foar in positive takomst en kiest foar in opbou fan de gemeente fanút de 69 kearnen. In radikale demokratisearring dy’t ûntploaien fan alle doarpskearnen lykweardich en yn frijheid mooglikheden biedt, mooglikheden foar en fan boargers.

Boargers fan de nije fúzjegemeente ha it gefoel dat der yn de tiid fan de ynspraakprosedueres (of perioade) oer harren beslikke is, sûnder dat hja echt by it proses belutsen waarden. De boarger fielt him dertroch net serieus nommen as it giet om de ynbring oer beslissingen dy’t him direkt betreffe. D66 giet út fan de eigen krêft fan minsken en it fynt dat boargers op harren eigen wize altyd meitinke kinne en bydrage kinne oan de beslútfoarming. Dat wol net sizze dat de boarger altyd syn sin krije moat. Yn soksoarte fan gefallen moat de oerheid doarre te sizzen werom in beslút net alle winken omfiemje kin.

D66 wol yn de nije gemeente boargers gearwurkje litte by de plannen dy’t rjochtstreeks mei harren wen- en libbensomjouwing te krijen ha. De gemeente moat yn de mande mei de boargers it probleem op in riigje sette en de boargers meidwaan litte yn it ûntwikkeljen fan oplossings. Sa kin it draachflak hyl bot fersterke wurde en kan in protte tiid, jild en muoite besparre wurde. Boargers dy’t by it proses fan beslútfoarming belutsen wurde, binne hyl goed by steat it mienskiplik belang  boppe it eigen belang te setten.

Boargers binne gelyk oan mekoar

De oan gemeentegrinze bûne rjochten en plichten fan de ynwenners fan alle by de weryndieling belutsen gemeenten moatte neffens D66 oan mekoar lykskeakele wurde en moatte jilde foar alle ynwenners fan de nije gemeente. Dus as in ynwenner fan Snits yn de âlde sitewaasje in parkearfergunning foar hyl Snits keapje koe, dan kin de ynwenner fan Súdwest ek in parkearfergunning keapje foar de hiele gemeente. Soks moat ek jilde foar lizjilden, hûnebelêsting ensfh. Dizze harmonisaasje moat kostenneutraal útfierd wurde.

Wykrieden en doarpsbelang

Wykrieden en doarpsbelang binne as wichtige partner fan de gemeente yn doarp of wyk de earen en eagen fan de bestjoerders. Sy jouwe ried as der om frege wurdt en ek as der net om frege wurdt. Wykrieden en doarpsbelang hearre djip yn harren mienskip woartele te wêzen en moatte mei dy mienskip aloan en breed ynteraktyf kontakt te hawwen. De gemeentereid moet de boargersfertsjinwurdigers betiid op de hichte te stellen fan plannen dy’t kommende weis binne. Yn in gemeentlike feroardering moat dúdlik fêstlein wurde wat fan wykrieden en doarpsbelang ferwachte wurde, wat se dwaan meie en hokker stipe se ferwachtsje meie.

Boargeraginda

D66 wol de “boargeraginda” as foarm fan partisipaasje ynfiere. Mei de boargeraginda moat de boarger mear belutsen wurde by it hâlden en dragen fan de gemeente. Bewenners moatte sels punten op de aginda fan de gemeenteried sette kinne. Ûnder it foarbehâld fan in letter te bepalen ûndergrins kin in groep de gemeente freegje en behannelje de kwestje op de boargeraginda. In kommisje, besteande út fertsjinwurdigers fan alle politike partijen yn de ried, behannelt mei de wurdfierders, it ûnderwerp. De kommisjeleden beprate dit dernei binnen harren partij en beslisse of se it punt wol as net as opdracht trochstjoere wolle nei it amtlik apparaat. De beslissingen fan de ferskate partijen wurde op ynternet publisearre. By it beheljen fan in mearderheid kinne de amtners in plan fan útfiering opstelle en it op de aginda fan de ried sette litte. Yn de ried kin it punt mei amendeminten en sa nedich moasjes behoffene wurde en kin der besletten wurde hoe en mei hokfoar middels it realisearre wurde sil.

Ynformaasjebuorden

Boargers, belutsen ynstânsjes, wykplatfoarms en boargersfertsjinwurdigers wurde op in betiid momint op de hichte steld oer de plannen dy’t kommende weis binne troch publikaasje op de gemeentlike webside, yn wykkranten en gemeentlike nijsbrieven. D66 wil noch in ekstra middel taheakje: op sintrale plakken moatte elektroanysk oanstjoerde ynformaasjebuorden komme wêrop gemeentesaken en aktiviteiten meld wurde.

Web-brievebus

Kommunikaasje en ynformaasje binne kaaien foar de ûntjouwing fan de doarpskearnen. De oerheid hat foar elk hûs in stjitnamme en in hûsnûmer levere. Elke boarger hat in saneamd Burger Service Nummer. D66 kiest derfoar om elke boarger yn de nije gemeente ek in firtueel hûs mei in web-brievebus te leverjen. Boargers moatte mei e-mail ynformearre wurde kinne oer gemeentlike saken.

D66 wol in e-mail adres foar elke boarger fersoargje, sadat boargers sa betiid mooglik by de planfoarming belutsen wurde en dat yndividuele boargers derby like folle kans hawwe as de organisearre belangegroepen. Koart sein betsjut dit dat wy de digitale berikberens fan boargers sa fersoargje wolle dat kommunikaasje fan twa kanten – gemeente/boarger – mooglik wurdt

Ferbetterjen ICT kommunikaasjemiddel boarger en gemeente

Nije technyske mooglikheden moatte brûkt wurde om sa iepen en transparant mooglik kommunisearje te kinnen mei de boarger. De mooglikheden fan ICT moatte better brûkt wurde. It glêsfezelnet foar de gemeentelike organisaasje, moat ek foar de boargers iepensteld wurde en wêr’t dat mooglik is ek troch de loft oanbean wurde. De gemeentlike website moat ferbettere  wurde.

Amtlike kapasiteit nije gemeente

D66 is der wis fan dat by de fúzje fan de nije gemeente it amtnersapparaat kwalitatyf en kwantitatyf mear dan genôch ynrjochte is. De nije gemeente soe dan ek genôch amtlike kapasiteit yn hûs ha moatte om it ynhieren fan eksterne kunde werom te bringen nei 0.

Gemeentlike fersjennings

It servicenivo foar de boarger oer mei net ûnbedoeld minder wurde troch de fúzje, troch it yn stân hâlden fan in tal gemeentlike fersjennings binnen elke kearn en troch it ynrjochten fan oer de regio te sprieden serviceloketten. De ferskate funksjes fan de gemeente moatte ûnderbrocht wurde in de ferskillende, besteande lokaasjes.

Belied nije gemeente

By it meitsjen fan nije ôfspraken en nij belied wolle wy net samar trochgean op de yn it ferline foar en troch de aparte gemeenten makke ôfspraken, dêr’t it giet om belied op it mêd fan subsydzjes, ferkear, feiligens en fersjennings. Oergongsmaatregels kinne nedich wêze, mar in flotte harmonisaasje bliuwt wol it doel. Wy sille de rjochtsgelikens fan alle boargers binnen deselde gemeente garandearje.


  Fryslân en wetter

Fryslân en wetter binne ien, dat is wol dúdlik. Wy wenje, wurkje en libje fan, op, oan en mei it wetter.

De bestjoerlike taken om it wetter hinne binne ûnder brocht by it wetterskip dat soarget foar skjin, genôch en feilich wetter, by de provinsje dy’t farwetter en keunstwurken beheart, en by de gemeente.

De A7 en de N359 ferpatsje de gemeente yn stikken, de marren en fearten ferbinne de stêden en doarpen yn de nije gemeente. It ûntstean fan de nije gemeente makket it mooglik de ferskate regels binnen de grinzen fan de âlde gemeente oer board te smiten en it brûken fan it wetter te stimulearjen en te brûken as skelet fan de gemeente.

De gemeente sil de rekreative funksje fan de marren en fearten regulearje. Fierders moat besjoen wurde hoe’t iepenbier ferfier oer wetter mooglikheden foar skoalle-wen-ferkear biede kin.

It wenjen op it wetter wurdt stimulearre, net allinnich rekreatyf, mar ek foar permaninte bewenning. (Farrende) wenskippen wurde fasilitearje mei nutsfersjennings en lisplakjilden dy’t neffens de merk binne.

Wenjen op it wetter is in goede en goedkeape wize om sosjale wentebou te realisearjen. D66 wol dat elkenien gelikense kânsen hat. By it tawizen fan lisplakfergunnings wurdt rekken hâlden mei de easken dy’t steld wurde oan beskerme doarp- en stedsgesichten.

Der moat in ynfrastruktuer opset wurde dy’t it oer it wetter ôfleverjen fan guod oan de detailhannel yn wengebieten mooglik makket. Sa kin belêstend frachtferkear oer de dik foarkommen wurde.


  Ekonomy

D66 wol Soarch- en Ekotoerisme binnen de gemeente fasilitearje; dernjonken wolle wy ek de biologyske lânbou stimulearje.

Op it mêd fan wettersport en wettersportyndustry moatte wy gebrûk meitsje fan de ynternasjonale bekendheid fan Snits en de gemeente tegearre mei de bedriuwen presintearje as ynternasjonaal sintrum op dit gebied, dat wrâldferneamde bekend is troch de kearnen oan de marren en de Iselmar.

 

  It jild

D66 fynt dat nei de gemeenteriedsferkiezings de earste politike aksje wêze moat “it opstellen fan in nije begrutting”. De rinnende begrutting sjogge wy as tydlik.

De ynkomsten moatte liedend wêze. De besteande ôfspraken fan de âlde, aparte gemeenten moatte kritysk beoardield wurde. Dit jildt foar alle beliedterreinen.

Dit sil sûnder mis liede ta drege beslissings, ek al omdat wy konfrontearre wurde mei besunigings fan út de ryksoerheid. D66 fynt dat wy dizze net maklike stap sette duorre te moatten. De nije gemeente moat ommers in goede start hawwe en de kommende riedsperioade moat finansjeel sûn wêze.

D66 fynt fierders dat elke boarger út elk doarp of elke stêd op it mêd fan belêstings, leezjes en foarderingen deselde rjochten en plichten hat. Alle boargers betelje itselde, wêr’t se ek wenje. De lêsten en lusten fan de nije gemeente moatte gelyk omslein wurde. De moat budgetêr neutraal barre.


  Lânbou en it behear fan it lânskip

  D66 sjocht kânsen om de biologyske boer tagelyk de taak fan lânskipsbehearder te jaan. It ynsetten fan it jild dat ryksoerheid en provinsje no útjouwe oan it Nasjonaal lânskip Súdwest Fryslân, kin it biologysk buorkjen oantrekliker meitsje/ De nije gemeenteried sil der by provinsje en ryk op oanstean moatte dat de kombinaasje lânskipsbehearder/biologyske boer safolle mooglik prioriteit krijt.

 

 D66 stiet folslein efter de wize wêrop it Nasjonaal Lânskip Súdwest Fryslân stal krijt. Ús lânskip is moai en oantreklik foar minsken en bisten, en dat moatte wy sa hâlde. Ek yn it noardwesten fan ús gemeente soe it lânskip op likense wize behannele wurde moatte as wie it in part fan it Nasjonaal lânskip.

 

  In griene en enerzjytûke gemeente

Miljeuproblemen en it opwaarmjen fan it klimaat binne de grutste bedrigings foar ús mienskip. Njonken it klimaatopwaarmjen binnen oprinnende enerzjyprizen in risiko foar de gemeentlike húshâlding. De gemeente moat har ferantwurdlikens nimme en de eigen útstjit werom bringe.

  Enerzjy besparje is jild besparje, jild dat wy leaver oan oare saken besteegje. D66 wil mei fysje bestjoere troch foarrang te jaan oan enerzjytûke fersjennings. Derby tinkt D66 konkreet oan

  Belied ûntwikkelje op it mêd fan duorsum enerzjygebrûk
  Skjinne enerzjy bygelyks Biogas cq biomassa stimulearje
  It enerzjyferbrûk en de útstjit fan broeikasgassen yn de gemeente weromtwinge
  Omtinken foar partikuliere inisjativen lyk as sinnepanelen
  Duorsum bouwen
  By nijbou enerzjyneutraal en by ferbou enerzjysunich bouwen stimulearje
  By ferfanging fan frijsteande wynmûnen it bymekoar setten stimulearje.

 

  In weromrinnende befolking

Krimp fan de befolkingsgroei is ek yn Súdwest Fryslân ûnderwilens it gefal. Hoe pakke wy dit probleem oan? D66 slacht foar om net troch te gean mei enerzjy te stekken yn  it tsjinhâlden fan it weifallen fan fersjennings troch dy krimp. Doarpen meie “niet elkaars vliegen afvangen”, mar der mei ek gjin leechstân ûntstean en dertroch de boel fersutere. D66 is derom foarstanner fan in “krimzone-kanszone”-strategy, wêrby benammen inisjativen fande doarpen út sels stimulearje wurde. It eigen inisjatyf sil derby funksjonearje as foarm fan natuerlike seleksje wêrtroch de kwaliteiten fan de fersjennings yn beskate doarpen tanimme sil yn fergelyk mei oare.

 

Kultuer

Kultuer is it simint fan de mienskip, derom wol D66 in goed kultureel oanbod. Wy sjogge op ‘t heden dat der tefolle fersnippering is op kultureel mêd. Dit moat oars.

Wy pleitsje derom foar in gemeentlike kulturele aginda wêrmei besteande suksesfolle inisjativen fersterke wurde en desnoads stipe wurde. Kulturele saken dy’t troch de gemeente subsidiearre wurde, mar net suksesfol en unyk blike te wêzen, kinne skrast wurde. Ús kulturele aginda moat in ferskaat oan unike eveneminten biede.

Wy bepleitsje in gemeentlike koepelorganisaasje foar alle musea. Dizze moet him  rjochtsje op de promoasje fan de protte unike musea dy’t wy yn de gemeente hawwe. Dat kin tagelyk in ympuls wêze foar de toeristenyndustry.

 

  Jongerein

D66 wol graach de klam lizze op de saken dy’t goed geane mei de jongeren. Derom moat de gemeente mear omtinken oan dizze groep jaan en dizze jeugd mear ferantwurdlikheden jaan. Ynfestearjen yn de jeugd smyt wat op: de jongeren fan hjoed binne de beslissers fan moarn.

Belustenheid fan jongeren is, om de nije gemeente in goede takomst te jaan, neffens D66 perfoarst nedich. Wy hawwe hjirby it útgongspunt dat de jongerein de kâns krije moat de talinten te ûntwikkeljen, harren sels te ûntploaien, harren stim hearre te litten en ferantwurdlikens te nimmen foar de eigen libbens romte. Wy liuwe yn de krêft fan minsken en de gemeente moat in rol spylje by it optimaal benutten hjirfan.

Konfrete útstellen fan D66 binne:

  • It jongereinbelied mear posityf rjochtsje. Minder “bestride” en mear ûntwikkeling, romte en mooglikheden jaan en stimulearje.
  • Fasilitearje fan opfiedingsstipe.
  • Partisipaasje fan jongeren yn keunst en kultuer stimulearje, benammen troch it ûntwikkeljen fan in fraachrjochte oanbod.

·        Mear jild frijmeitsje foar jongereinfersjennings, mar wol op grûn fan in goed útwurke plan dêr’t dúdlik yn beskreaun wurdt oan hokker betingsten dizze fersjennings foldwaan moatte, fansels yn oerlis mei wykbehear, polysje, jeugd- en jongereinried en gemeente.

U

U   Underwiis

D66 wol better ûnderwiis. Ûnderwiis en opfang moatte tegearre opgean yn in “opvoedkundig concept”. D66 bepleitet fierder “brede skoallen” dy’t ûnderwiis kombinearje mei bygelyks bûtenskoalse opfang, sport, kultuer en húswurkbegelieding. De brede skoalle is in gearwurkingsferbân tusken partijen dy’t harren dwaande hâlde mei opgroeiende bern. Doel fan it gearwurkingsferbân is de ûntwikkelingskânsen fan bern te fergrutsjen en wurkjende âlders de gelegenheid te jaan soarch en wurk te kombinearjen. Berne-opfang, wolwêzen, pjutteboartersplak, sport, kultuer, biblioteek en oare ynstellings kinne ek in ûnderdiel fan de brede skoalle wêze. In brede skoalle is in konsept, gjin fêst ynkadere idee. Om  ta in goed konsept te kommen in de eigen wenomjouwing fynt D66 it wichtich dat alle partijen en benammen de âlden derby belutsen wurde.

Sels ûnderwiisferbettering realisearje

D66 hechtet oan de frijheid fan âlden om harren bern nei de skoalle fan harren kar geat te litten. Om it fersjenningsnivo te hanthavenjen wol D66 gearwurkingsferbannen stimulearje. Binnen de gemeente moat in model ûntwikkele wurde dat de organisatoaryske ienheid fergruttet wêrtroch lytsere skoalen yn kearnen bestean bliuwe kinne.

Grutte skoallen, lytse ienheden

Grutte skoallen binne by steat om professionals oan te lûken en sa de kwaliteit te ferbetterjen, mar grutte skoallen binnen gjin doel op harren sels. Ûnderwiis soe plak fine moatte yn lytse ienheden, sadat alle bern it omtinken krije dat se fertsjinje! D66 fynt dat de kwaliteit fan it ûnderwiis en de betsjutting fan de skoalle as binende faktor yn de lokale mienskip de trochslach jaan moat as der sprutsen wurdt oer it bestean bliuwen fan in lytse skoalle. Wy bliuwe fan betinken dat it bern sintraal stiet.

Omtinken foar húsfesting

De gemeente hat net folle ynfloed op it ûnderwiis, mar is wol ferantwurdlik foar de húsfesting. Foar D66 foarmet ûnderwiis de basis fan ús mienskip. Efterstallich ûnderhâld en skoallen dy’t net by de tiid ynrjochte binne, moatte by de tiid brocht wurde!

Soarchlearlingen

D66 fynt dat de gemeente as lûker optrede moat yn de gearwurking op it mêd fan de soarchlearlingen.D66 fynt dat de regio ferantwurdlik is foar alle bern yn de regio en dat er dus kwalitatyf goede soarch bieden wurde moat binen de regio, útgeande fan de besteande fersjennings en fakkundigens. Bern moatte net de regio út om maatûnderwiis folgje te kinnen. D66 wol de gearwurking tusken skoallen en gearwurkingsferbannen op dit mêd stimulearje. Dat betsjut foar de gemeente in oare fyzje op húsfesting (fan húsfestiging op grûn fan learlingetal nei húsfestiging op maat) en elk op it learlingeferfier. D66 wol him hurd meitsje foar in mear partisipearjende en antisipearjende rol fan de gemeente. Troch it jild dat de gemeente foarhannen hat foar ûnderhâld en nijbou te desintralisearjen nei de skoallen/bestjoeren binne skoallen by stean yn te springen op it feroarjende ferlet foar bern (mear as minder lokalen, mear fleksibele of lytsere romten).


Soarch

Tusken 2010 en 2020 sil de fraach nei soarch nochal tanimme, ûnder oare fanwege de fergrizing. De fraach feroaret ek fan aard, trochdat groanyske sykten it byld fan de sûnensoarch bepale sille. Yn 2020 sil it tal minsken mei in groanyske sykte dat mei in tydlik fier te boppe gean. Dat hat grutte gefolgen. Mear minsken binne libbenslang net sûn, mei swierrichheden op meardere terreinen en mei beheinings op it mêd fan maatskiplike partisipaasje. Goed leare om te gean mei de eigen groanyske sykte of die fan in húsgenoat hat in grutte ympakt op de úteinlike gefolgen.

In ekstra reden om yn te setten op it foar wêzen fan groanyske sykten en it beheinen fan de gefolgen is it foarútsjoch fan beheinde personiele en finansjele middels. De kommende tsien jier sille “handen aan het bed” de ekstra fraach nei soarch net mear opfange. De soarch sil better en effisjinter moatte.

D66 kiest foar in goed organisearre sûnensoarch dy’t berikber en tagonklik is, organisearre yn de direkte libbenskrite fan de boarger. Om de soarch ek yn de takomst te garandearjen te kinnen, sil njonken dizze “klassike” fokus op soarch en sykte, folle mear klam komme te lizzen op gedrach en sûnens. De boarger is yn dizze oanpak net mear, lyk as no, in passive konsumint fan soarch. Hy is in aktive boarger sykjend, somtiden mei de soarchprofessional, nei sûnens en nei kânsen om mei dwaan te kinnen yn de mienskip. Dit nije tinken easket in folslein oare wize fan wurkjen. Gau en aktyf yngripe. Folle mear omtinken jaan oan previnsje: Nei foaren tinke!Jo rjochtsje op de mienskip.

Troch ynfiering fan de Wet Maatschappelijke Ondersteuning (WM)) is in gigantyske burokrasy ûntstien. D66 pleiten yn dat ramt foar werombringen fan oerstallige regeljouwing.

De gemeente hat hieltyd mear taken op har noed krigen. Sa moat de gemeente net allinnich soargje foar fersjennings foar beheinden, mar falt ek de thúshelp ûnder de gemeente. Ûnôfhinklike “yndikaasje-organen” beoardiele de needsaak fan de help.

D66 wol mear omtinken foar de kontrakten fan de meiwurkers fan de thúshelp. It bedriuw dêr’t ynkocht wurdt, moat sa’n meiwurker in kontrakt oanbiede dat yn alle gefallen oerienkomt mei dat fan de CAO Thuiszorg. De meiwurkers dêr’t it om giet moatte boppedat yn leantsjinst wêze.

Dernjonken wol D66 de saneamde mantelsoarch stimulearje.

 

Feiligens yn hûs, op strjitte en yn de buert

It is wichtich dat minsken harren feilich fiele yn harren omjouwing. Dat sy oaren op strjitte sûnder benaud te wêzen temjitte komme kinne en in helpende hân doarre út te stekken as dat nedich is. Adekwaat en sichtber polysje-optreden is ûnmisber foar ús gefoel fan feiligens, mar in goed kontakt mei de buorlju is minstens sa wichtich. Buertprevinsje en buertbemiddeling binne effektive metoaden foar boargers om de eigen feiligens oanfoljend te garandearjen. D66 sil buertbemiddeling fierders stimulearje sadat oarsaken fan ûnrêst, dat ynienen ûntstien is,  weinommen wurde en sosjale ferantwurdliken garandearje bliuwe.

D66 set de oanpak fan húslik geweld heech op de politike aginda. Húslik geweld komt in protte foar yn ús mienskip. Yn alle mooglike foarmen. Fan mûnling geweld oant slaan, ferkrêftsjen en fertútsjen. Wat somtiden ûnskuldich liket, kin útrinne yn ferskriklike eksessen, dêr’t slachtoffers en faaks ek dieders it hiele libben ûnder te lijen ha. It is derom hyl wichtich om húslik geweld sa gau mooglik op te merken om it sa goed as mooglik is yn de “kiem te smoaren”. De gemeente moat it folsleine oanbod fan fersjennings, dy’t relevant binne foar de oanpak fan húslik geweld, te oersjen en by de oanpak te belûken. 



print pagina Mail een vriend

Inhoudsopgave



online netwerken

Lokaal


Landelijk




Agenda

RSS
 


Volg blog van

d66_logo.jpg